Edwert III (toanielstik)

Edwert III
algemiene gegevens
oarspr. titel Edward III
auteur Thomas Kyd?
William Shakespeare?
taal Ingelsk
foarm toanielstik
sjenre trageedzje
skreaun mids 1590-er jierren
1e publikaasje 1596, Londen

Edwert III, yn it Ingelsk: Edward III (folút eins: The Reigne of King Edward the Third, "It Regear fan Kening Edwert de Tredde"), is in toanielstik fan ûnbekend auteurskip út 'e Elizabetaanske Tiid, dat basearre is op (in diel fan) it bewâld fan 'e Ingelske kening Edwert III, dy't regearre fan 1327 oant 1377. It stik waard yn 1597 anonym publisearre, wat net ûngewoan wie foar dy tiid. Der wurdt gauris beweard dat Edwert III foar in part of sels hielendal skreaun is troch de wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare, en it stik wurdt sadwaande ta de Shakespeariaanske apokrifa rekkene.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne