Eider (rivier)

Rin fan de Eider en Treene
Haven by it Eidersperrwerk
De Eider by Wollersum
De Eider mei leechwetter

De Eider (Dútsk: Eider; Deensk: Ejderen; Latyn: Egdor of Egdore) is mei 188 km de langste rivier fan de Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. De Treene út it noarden wei, is in grutte sydrivier fan de Eider.

De rivier ûntspringt besuden fan Kiel tichtby de Eastsee, mar floeit nei it westen, om yn de Waadsee út te kommen. Tusken de Flemhuder See en Rendsburg is de rivier brûkt as ûnderdiel fan it Noard-Eastseekanaal. Yn Rendsburg ûntspringt de Eider eins opnij, en folget no in sterk meänderjend trajekt rjochting it westen en noarden. Fan de slûs by Nordfeld ôf is de Eider in tijrivier. krekt foar Tönning ferbredet de rivier ta in estuarium, dat as ienige yn de Waadsee ôfsluten is mei in stoarmfloedkearing.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne