De Eifel is middelheech berchgebiet. De Eifel leit foar it grutste part yn Dútslân, yn it súdwesten fan Noardryn-Westfalen en it noardwesten fan Rynlân-Palts. It Dútsktalige diel fan Belgje heart ek by de Eifel. Yn it westen rint de Eifel oer yn de Ardennen. Yn it súd-easten grinzet de Eifel oan de Mosel, yn it easten oan de Ryn, en yn it noarden oan de stêd Aken. It heechste punt is de Hohe Acht (747 meter). Yn it Tertiêr wie de Eifel in fulkanysk gebiet. De kraters binne hjoed de dei noch yn it gebiet te sjen. De lêste útbarsting wie sa likernôch 10.000 jier lyn.
Yn 2004 waard it Nasjonaal Park Eifel oprjochte. It natoerpark yn it noarden fan de Eifel beslacht 110 km².