Ekslo (Drintsk: Eksel, Nederlânsk: Exloo) is in doarp yn Drinte, gemeente Borger-Odoorn, op de Hondsrug. Ekslo hie (neffens ynformaasje fan de gemeente Borger-Odoorn) op 1 jannewaris 2007 1767 ynwennners (869 manlju en 898 froulju). Yn it doarp stiet it gemeentehûs fan de gemeente, hoewol't it net it grutste plak is.
Ekslo is in karakteristyk iesdoarp op de Drintske sângrûnen, wyls útwreide mei inkele nijbouwiken, dat tsjintwurdich in soad toeristen lûkt. Inkele attraksjes binne Kabouterlân, in bernebistepark, en it Kultuerhistoarysk Museum Bebinghehoes. Dêrneist wurde troch de Feriening Doarpsbelangen Ekslo meardere aktiviteiten op tou setten. De twa belangrykste binne it Skieppeskeardersfeest mei in Nederlânsk kampioenskip ambachtlik skieppeskearen, en it Festival fan Alde Ambachten.
It doarp hat meardere foarsjennings, wêrûnder in iepenbiere basisskoalle, sportfjilden, in maneezje, in swimbad, in VVV-kantoar, in supermerk en ferskate winkels en hoarekagelegenheden. Yn de buert fan it doarp leit bungalowpark de Hunzebergen.
It lânskip om Ekslo hinne wurdt kenmerke troch iessen, bosken (Boswachterijen Ekslo en Odoorn, Hunzebos), heide (Molenveld) en fean (Zoersche Landen).
Sûnt 2005 wurdt der by Ekslo boud oan in saneamd LOFAR. Dit is in nij type radioteleskoop dy't úteinlik bestean sil út sa'n 25.000 lytse antennes yn Nederlân en Dútslân. By Ekslo is al in testfjild.