Ekspresjonisme

It ekspresjonisme (fan Latyn: expressio, útdrukking) is in streaming yn de Jeropeeske keunst en literatuer fan de 20e iuw, dy't him foaral oppenearre yn de jierren 1905 oant 1940. It ûntstie yn Dútslân as in reaksje op positivisme en oare keunstbewegings, sa as naturalisme en ympresjonisme. Yn it Ekspresjonisme besiket de keunstner syn fielen, syn ûnderfinings, út te drukken. Dizze subjektiviteit lit de waarnimmer in mear of mindere ferfoarming fan de fysike wurklikheid sjen.

Wichtich is dat de gevoelswaarde, it ûnderbewuste, dy't de keunstner meimakket nei oanlieding fan it ûnderwerp de boppetoan hat. Dit yn tsjinstelling ta it ympresjonisme dêr't it stâl jaan fan de wurklikheid, sa't de keunstner dy sjocht en fielt, foarop stiet. Sa ferfaget yn it ekspresjonisme de bining mei de sinnen waarnimbere wurklikheid faak, somtiden rekket dy hielendal fuort. Sa krije tal fan nije (keunst)foarmen harren kâns. It ekspresjonisme ken mar ien wet: der binne gjin wetten, en wetten meie net oplein wurde.

Letter is ekspresjonisme in sammelnamme wurden foar skilderúteringen dy't oan dy kritearia foldogge, los fan de streaming dêr't se fierder ta hearre kinne.

Ekspresjonisme as styl is foaral bekend yn de skilderkeunst, mar is ek in styl yn de muzyk, literatuer, arsjitektuer, toaniel en yn de film.

It abstrakt ekspresjonisme heart ek ta it ekspresjonisme.

Paula Modersohn-Becker
Egon Schiele, selsportret

From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne