Elie Wiesel | ||
![]() | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Eliezer Wiesel | |
nasjonaliteit | ![]() ![]() | |
berne | 30 septimber 1928 | |
berteplak | Sighetu Marmației (Roemeenje) | |
stoarn | 2 july 2016 | |
stjerplak | New York (New York) | |
etnisiteit | ![]() | |
wurk | ||
taal | Frânsk, Ingelsk, Jiddysk | |
sjenre | lit. romans, autobiografysk wurk, non-fiksje, toaniel, berneboeken | |
perioade | 20e iuw | |
streaming | Holokaustliteratuer | |
tema's | Holokaust, oarlochsmisdieden | |
bekendste wurk(en) |
La Nuit Les Portes de la Forêt Le Procès de Shamgorod | |
prizen | ![]() Légion d'Honneur 1984 Pres. Frijheidsmedalje 1992 | |
jierren aktyf | 1956 – 2016 | |
offisjele webside | ||
www.eliewieselfoundation.org |
Elie Wiesel (folút: Eliezer Wiesel, Sighet (Roemeenje), 30 septimber 1928 - New York (stêd), 2 july 2016) wie in yn Transsylvaanje berne Joadsk-Amerikaansk skriuwer, heechlearaar, polityk aktivist en Nobelpriiswinner fan Joadsk-Hongaarsk-Frânsk komôf. Syn wurken binne almeast skreaun yn it Frânsk, mei in stikmannich yn it Ingelsk en ien yn it Jiddysk. Wiesel, dy't yn 'e Twadde Wrâldoarloch de holokaust oerlibbe, brûkt syn boeken om syn persoanlike ûnderfinings út dy perioade fan him ôf te skriuwen, lykas yn La Nuit, dat basearre is op syn finzenskip yn 'e konsintraasjekampen Auschwitz, Buna/Monowitz en Buchenwald. Oersetter Jacobus Knol hat frijwat fan Wiesel syn boeken fertaald yn it Frysk, al binne net al syn oersettings ek útjûn.