Elisabeth fan Tueringen | ||
![]() | ||
![]() | ||
De neisteleafde fan Elisabeth. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bertedatum | 1207 | |
berteplak | Presburch | |
stjerdatum | 17 novimber 1231 | |
stjerplak | Marburg an der Lahn | |
hillichferklearring | ||
fereare troch | Roomsk-Katolike Tsjerke Anglikaanske Tsjerke | |
hjeldei | 17 novimber (R.-K.) Yn de Dútskalige lannen: 19 novimber | |
attributen | Koer mei roazen of mei bôle, kom mei fisk, bidler, leppel, mei in melaatse |
Elisabeth fan Tueringen (* 1207 yn Bratislava of op 'e boarch Rákóczi yn Sárospatak, (Hongarije); † 17 novimber 1231 yn Marburg an der Lahn), ek Elisabeth fan Hongarije neamd, wie in Hongaarske prinsesse en in Dútske lângrevinne. Hja wurdt as in hillige yn 'e katolike tsjerke fereare en is de lânshillige fan Dútslân. Fanwegen har neisteleafde wurdt hja ek yn protestantske rûnten fereare. De kapel yn Marburg dêr't Elisabeth yn byset waard moast letter plak meitsje foar in grutte Elisabethtsjerke, ien fan 'e earste suver goatyske tsjerken fan Dútslân.