Elizabeth II fan it Feriene Keninkryk | ||
![]() | ||
![]() | ||
Elizabeth II (2011) | ||
echte namme | Elizabeth Alexandra Mary | |
nasjonaliteit | ![]() | |
bertedatum | 21 april 1926 | |
berteplak | Londen | |
stjerdatum | 8 septimber 2022 | |
stjerplak | Kastiel Balmoral | |
dynasty | Windsor | |
Keninginne fan it Feriene Keninkryk | ||
amtsperioade | 1952-2022 | |
foargonger | George VI | |
opfolger | Charles III |
Elizabeth Alexandra Mary (Londen, 21 april 1926 - Kastiel Balmoral, 8 septimber 2022) wie fan 1952 oant 2022 keninginne fan it Feriene Keninkryk en steatshaad fan de lannen yn it Britske Mienebest. Fan de Windsor-dynasty wie hja de fjirde monarch. Elizabeth II is mei 70 jier de monarch dy't it langst op de troan sitten hat fan it Feriene Keninkryk. Elizabeth II ferstoar op 8 septimber 2022 yn 'e âldens fan 96 jier.
Elisabeth makke as keniginne 15 premiers mei, wêrûnder Winston Churchill, Margaret Thatcher en resinter Boris Johnson. Yn de tiid fan har regear foel it Britske koloniale ryk út inoar, naam de macht fan de Britske aristokrasy ôf en de ynfloed fan de massamedia op de byldfoarming rûn it keningshûs ta.