Else (Els) Borst-Eilers (Amsterdam, 22 maart 1932 – Bilthoven, 10 febrewaris 2014) wie in Nederlânsk politika foar Demokraten 66 (D66) en heechlearaar. Borst wie minister fan Folkssûnens yn de kabinetten Kok I en Kok II. Yn dy lêste wie hja ek twadde ficepremier. Fan 21 desimber 2012 oant har dea wie hja minister fan Steat.[1]