Elvis Presley | ||
![]() | ||
![]() | ||
Elvis yn 1970 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Elvis Aaron Presley | |
nasjonaliteit | ![]() | |
berne | 8 jannewaris 1935 | |
berteplak | Tupelo | |
stoarn | 16 augustus 1977 (42 jier) | |
stjerplak | Memphis | |
wurkpaad | ||
sjenre | Rock Pop Blues Country Gospel Rock-'n-roll Rockabilly R&B | |
sjongtaal | Ingelsk | |
ynstrumint | Stim, gitaar, piano | |
jierren aktyf | 1954-1977 | |
offisjele webside | ||
Profyl IMDb |
Elvis Aaron Presley (Tupelo (Mississippy), 8 jannewaris 1935 – Memphis (Tennessee), 16 augustus 1977) wie in Amerikaansk sjonger, akteur en sekssymboal. Hy sette yn 1954 as njoggentjinjierrige útein mei in muzikale karriêre, en wie in iere fertsjintwurdiger fan it rock and roll-sjenre. Syn enerzjike fertolkings fan lieten en syn seksueel provokative styl fan optreden makken him mank de jongerein sa populêr, dat er meitiid bekend kaam te stean as de King of Rock and Roll. Foar de âldere generaasjes wied er in folle kontroversjeler figuer. Nettsjinsteande dat, hie Presley in ûnbidich grutte ynfloed op 'e ûntwikkeling fan 'e popmuzyk yn 'e tweintichste iuw, net inkeld yn 'e Feriene Steaten, mar yn 'e hiele wrâld. Hy wûn trije Grammy Awards en krige al mei 36 jier de Grammy Lifetime Achievement Award, in oeuvrepriis, taparte. Doe't er âlder wie, rekke er ferslave oan pinestillers. Yn 1977 kaam er hommels te ferstjerren doe't er 42 jier wie, wat tige by tige bydroech oan 'e mytefoarming om syn persoan hinne. Noch altyd binne der fans dy't stiiffêst leauwe dat Presley noch libbet.