Ely S. Parker

Ely S. Parker
politikus
echte namme Ely Samuel Parker (Donehogawa)
nasjonaliteit Amerikaansk
bertedatum 1828
berteplak Indian Falls (New York)
stjerdatum 31 augustus 1895
stjerplak Fairfield (Konnetikut)
etnisiteit Seneka
partij Republikeinske Partij
Kommissaris fan Yndiaanske Saken
amtsperioade 18691871
foargonger Nathaniel G. Taylor
opfolger Francis A. Walker
Ofsier yn it Amerikaanske Leger
amtsperioade 18631867
(sûnt 1865 as brigadegeneraal)
sachem fan de Seneka
amtsperioade 18521895

Ely S. Parker (folút: Ely Samuel Parker), berne as Hasanoanda, sûnt 1852 bejeftige mei de namme Donehogawa (Indian Falls (New York), 1828Fairfield (Konnetikut), 31 augustus 1895), wie in Amerikaansk abbekaat en yngenieur fan Seneka-Yndiaansk komôf. Yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch tsjinne er as neiste meiwurker fan 'e Noardlike generaal en lettere presidint Ulysses S. Grant, en berikte er úteinlik de rang fan brigadegeneraal. Hy wie oanwêzich yn it Gerjochtsgebou fan Appomattox, by de oerjefte fan 'e Súdlike Konfederaasje, en skreau eigener hân de úteinlike oerjeftebetingsten dy't ûndertekene waarden troch Grant en de Súdlike generaal Robert E. Lee. Under Grant syn presidintskip waard er beneamd as earste Yndiaanske kommissaris fan Yndiaanske Saken.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne