Euripides

Euripides
skriuwer
In Romeinske moarmerne kopy fan in Gryksk orizjineel út 'e fjirde iuw f.Kr. (Museo Pio-Clementino, te Rome).
In Romeinske moarmerne kopy fan in Gryksk orizjineel
út 'e fjirde iuw f.Kr. (Museo Pio-Clementino, te Rome).
persoanlike bysûnderheden
echte namme Euripides (Εὐριπίδης)
nasjonaliteit Ateensk
berne ±480 f.Kr.
berteplak Salamis (Atene)
stoarn ±406 f.Kr.
stjerplak ? (Masedoanje)
etnisiteit Gryksk
wurk
taal Aldgryksk
sjenre toaniel, poëzij
perioade Klassike Aldheid
bekendste
  wurk(en)
Alkēstis
Mēdeia
Ēlektra
jierren aktyf 438406 f.Kr.
offisjele webside
n.f.t.

Euripides (yn it Aldgryksk: Εὐριπίδης; ±480406 f.Kr.), wie in ferneamd Ateensk toanielskriuwer yn it âlde Grikelân. Yn 'e mande mei Aiskylos en Sofokles wied er ien fan 'e trije grutte Aldgrykske trageedzjeskriuwers, mei in oeuvre fan mear as njoggentich toanielstikken. Dêrfan binne lykwols mar achttjin of njoggentjin (op grûn fan skriuwstyl wurdt syn bewearde auteurskip fan Resus twifelich achte) oerlevere. Fan 'e measte oare stikken fan Euripides binne fragminten bewarre bleaun; yn guon gefallen binne dat tige wiidweidige fragminten. Dat der mear fan sýn toanielstikken bewarre bleaun binne as fan Aiskylos of Sofokles harres, komt foar in diel troch tafal en foar in diel trochdat hy de lêste fan it trijetal wie en syn stikken sadwaande populêr waarden wylst harres yn it neigean rekken.

In byld fan Euripides yn it Louvre, te Parys.

From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne