Evangeelje fan Barnabas | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Gryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | ein 16e iuw |
It Evangeelje fan Barnabas, dat net betize wurde moat mei it Brief fan Barnabas of de Hannelingen fan Barnabas, is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It is in pseudepigraaf ûnder de namme fan 'e apostel Barnabas, dy't yn dit geskrift ien fan 'e tolve oarspronklike apostels is, hoewol't er dat neffens de bibelske kanon net wie. Krekt as de kanonike evangeeljes beskriuwt it Evangeelje fan Barnabas it libben en de lear fan Jezus fan Nazaret, mar yn Barnabas binne de ferhalen út 'e Evangeeljes fan Mattéus, Markus, Lukas en Jehannes mear mei-inoar yn oerienstimming brocht, en wat dat oangiet, is it in evangeeljeharmony net wanlyk. In dúdlik ferskil mei de kanonike evangeeljes is lykwols dat Barnabas dúdlik oanjout dat Jezus in profeet wie ynstee fan 'e Soan fan God of de messias. Op dat mêd liket it oer te hingjen yn 'e rjochting fan 'e islaam. Men wit dat der fan it Evangeelje fan Barnabas teminsten twa manuskripten bestien hawwe, ien yn it Spaansk en ien yn it Italjaansk, mar it Spaanske is ferlern gien en oerlibbet inkeld fia in fragmintaryske achttjinde-iuwske kopy, dat de tekst as gehiel is inkeld oerlevere yn it Italjaansk. Sawol de Spaanske as de Italjaanske ferzje wurde datearre yn 'e lette sechstjinde iuw.