Ewan MacColl | ||
sjonger en/of muzikant | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | James Henry Miller | |
nasjonaliteit | Britsk | |
berne | 25 jannewaris 1915 | |
berteplak | Salford (Ingelân) | |
stoarn | 22 oktober 1989 | |
stjerplak | Brompton (Ingelân) | |
etnisiteit | Skotsk | |
wurkpaad | ||
sjenre | folksmuzyk | |
sjongtaal | Ingelsk | |
grutste hit(s) | The First Time Ever I Saw Your Face, Dirty Old Town | |
jierren aktyf | 1930 – 1989 | |
prizen | Grammy Award 1972 |
Ewan MacColl, echte namme: James Henry Miller (Salford, 25 jannewaris 1915 – Brompton, 22 oktober 1989) wie in Britsk folksmuzikant, lietsjeskriuwer, akteur, dichter, toanielskriuwer, muzykprodusint en fakbûnsaktivist. Hy stie bekend om syn kommunistyske sympatyen, al distansjearre er him nei 1956 fan syn eardere stalinistyske opfettings. Yn 'e jierren fyftich en sechstich wied er ien fan wichtichste protestsjongers fan Grut-Brittanje. Hy troude trije kear en hie fiif bern.