Ewoks (inkeltal: Ewok; útspr.: [ˈiːwok]; likernôch: "ii-ûok") binne in fiktyf ras fan bûtenierdske wêzens út 'e Star Wars-franchise. Se waarden yntrodusearre yn 'e film Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi (1983), en waarden sa populêr, dat der neitiid twa tillefyzjefilms en in tekenfilmsearje oer harren makke waarden.