De Fangionen (of Vangiones) wienen in Germaanske stam. Sy hearden faaks oarspronklik by it stamferbân fan de Germaanske Sueben. Yn 71 f.Kr. lutsen hja mei Ariovistus de Ryn oer en fêstigen har yn 'e omkriten fan it hjoeddeiske Worms.
De Romeinen neamden dy krite civitas Vangionum en oant yn de 16e iuw neamden de ynwenners fan Worms harren noch Fangionen.
De namme foar de omkriten fan Worms-Wonnegau (fan Wangengau) is fan dy namme ôflaat.