Fanum

Martberg-timpel yn Pommern (Dútslân)

Fanum (meartal: fana) is in Latynsk wurd dat "hillich gebiet" betsjut. Mei in fanum wurdt in spesifyk type timpel ornearre, dy't benammen yn earder Keltyske gebieten fûn wurde.

De timpels waarden yn 'e Gallyske, Germaanske en Britske provinsjes fan it Romeinske Ryk boud, yn dy gebieten dy't earder troch Kelten bewenne waarden. Mooglik makke de kultuspraktyk yn dy krite it spesjale ûntwerp fan in fanum needsaaklik.

De measte fana fan dit type wurde yn 'e twadde helte fan de 1e iuw en de 2e iuw datearre. Aldere hillichdommen fan it type binne folle seldsumer. De Tour de Grisset yn Fréteval (departemint Loir-et-Cher) koe dêrfoaroer wol út it lêst fan de 2e iuw of de earste helte fan de 3e iuw boud wêze. Sûnt healwei de 3e iuw naam de bou fan sokke timpels stadichoa ôf.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne