Fatah فتح | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | ![]() | |
type org. | politike beweging politike partij | |
wurkmêd | Palestynske ûnôfhinklikens | |
haadkertier | Ramallah, Westjordaanlân | |
off. taal | Arabysk | |
oprjochte | 1959 (as politike beweging) 1965 (as politike partij) | |
oprjochter | Jasser Arafat Khaled Yashruti Salah Khalaf Khalil al-Wazir | |
aktyf yn | Palestina | |
partijlieder | Machmûd Abbas | |
rjochting | sintrum-lofts | |
ideology | Palestynsk nasjonalisme sosjaaldemokrasy Arabysk sosjalisme sekularisme twasteate-oplossing anty-ymperialisme | |
offisjele webside | ||
http://www.fatehmedia.ps/ |
Fatah (Arabysk: فتح Fatḥ, itjinge oerwinning betsjut) is in Palestynske nasjonalistyske en sosjaaldemokratyske politike partij en de grutste fraksje fan de Palestynske Befrijingsorganisaasje (PLO) en twadgrutste partij yn de Palestynske Wetjouwende Ried (PLC). Machmûd Abbas, de presidint fan de Palestynske Autoriteit, is lid fan Fatah.
Fatah hat lang belutsen west by it revolúsjonêr striden foar Palestynsk selsbestjoer en hie in tal milysjegroepen. Fatah begûn yn 1959 as in politike beweging, dy't yn 1965 in politike partij mei in milysje waard. Ien fan de oprjochters fan Fatah wie Jasser Arafat dy't oant syn ferstjerren yn 2004 de lieder wie.