Feandam

Feandam
Veendam
flagge wapen
lokaasje
polityk
lân flagge fan Nederlân Nederlân
provinsje Grinslân
boargemaster Berry Link (CDA)
sifers en geografy
haadplak Feandam
grutste plak Feandam
ynwennertal 27.535 (1 jannewaris 2024)
befolkingstichtens 361 / km²
oerflak 78,68 km²
● wêrfan lân 76,07 km²
● wêrfan wetter 2,61 km²
tal doarpen 6
ferkearsieren N33, N366, spoar fan Grins nei Feandam
skiednis
oprjochte 1808
oar
netnûmer 0598
postkoade 9630-9633, 9640-9648
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.veendam.nl
Topografyske gemeentekaart fan Feandam (2017)
Herfoarme tsjerke fan Feandam
Gemeentehûs fan Feandam

Feandam (Nederlânsk: Veendam, Grinslânsk: Veendaam) is in grut doarp en gemeente yn de provinsje Grinslân. De gemeente hat in oerflak fan 78,7 km², dêr't der 2,6 km² wetter fan is. De gemeente hie op 1 jannewaris 2024 in ynwennertal fan 27.535 (boarne: CBS). Haadplak fan de gemeente is it plak mei deselde namme. It plak leit oan de rykswei N33, de wei tusken Iemshaven en Assen. Yn 2017 hie it plak 21.525 ynwenners[1].
Fan 2010 oant 2021 wie de gemeente mei de buorgemeente Pekela amtlik fusearre. De amtlike organisaasje hiet De Kompanjie. De gemeente krige har hjoeddeiske grinzen yn 1969 doe't it in part fan de eardere gemeente Wildervank krige.

  1. https://statline.cbs.nl/Statweb/publication/?VW=T&DM=SLNL&PA=83765NED&D1=4&D2=14450-14470&HD=171028-1840&HDR=T&STB=G1

From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne