Feneto

Feneto
Veneto
Flagge Wapen
Lokaasje yn Itaalje
Algemien
Haadstêd Feneesje
Oerflakte 18.354,35 km²
Befolking 4.853.176 (31.07.2024)
Befolkingstichtens 264,55 ynw./km²
Oare ynformaasje
Heechste punt Marmolada: 3.343 m
Oantal gemeenten 560
Provinsjes Belluno, Padua, Rovigo, Feneesje, Verona, Vicenza

Feneto (Fenesiaansk: Vèneto) is in yn 1948 oprjochte regio yn Itaalje. De regio grinzget oan: Eastenryk, Friûly-Julysk Feneesje, de Golf fan Feneesje (Adriatyske See, Middellânske See), Emylje-Romanje, Lombardije en Trentino-Súd-Tiroal. De regio strekt him út fan de Karnyske Alpen yn it noarden oant en mei de rivier de Po yn it suden. Yn it westen wurdt Feneto begrinze troch de Gardamar en de rivier de Minsio, yn it easten troch de Adriatyske See en de rivier de Tagliamento. De haadstêd is Feneesje.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne