In feteraan (fan it Latynske vetus, dat "âld" betsjut) of ek wol in âld-soldaat of âld-strider, is immen dy't as militêr syn lân tsjinne hat yn ien of mear oarlochssitewaasjes. Sokken krije yn eigen lân faak spesjale erkenning, yn 'e foarm fan ûnderskiedings, plechtichheden, monuminten en earegrêven op begraafplakken. In soad lannen hawwe ek in spesjaal Ministearje fan Feteranesaken. Yn bredere sin wurde yn 'e folksmûle ek alle lju wol feteranen neamd dy't op in beskaat mêd in lange steat fan tsjinst hawwe.