Field Museum foar Natoerhistoarje Field Museum of Natural History | ||
![]() | ||
![]() | ||
Lokaasje | ||
lân | ![]() | |
steat | ![]() | |
county | ![]() | |
plak | ![]() | |
adres | 1400 S. Lake Shore Drive | |
koördinaten | 41°51′58″ N 87°37′01″ W | |
Algemiene gegevens | ||
ôfkoarting | Field Museum | |
hist. namme | Kolumbiaansk Museum fan Chicago (1893-1905) Natoerhistoarysk Museum fan Chicago (1943-1966) | |
type | natoerhistoarysk museum | |
wurkmêd | skiednis fan 'e natoer en fan 'e minsklike kultuer | |
oprjochting | 1893 | |
oprjochter | Edward E. Ayer Marshall Field | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | William Pierce Anderson | |
boujier | 1921 | |
boustyl | neoklassisisme | |
monumint. status | NRHP (1975) | |
monumintnûmer | 75000647 | |
Offisjele webside | ||
www.fieldmuseum.org | ||
Kaart | ||
Lokaasje fan it Field Museum yn it sintrum fan Chicago.
|
It Field Museum, folút: Field Museum foar Natoerhistoarje (Ingelsk: Field Museum of Natural History), soms ôfkoarte ta FMNH, is in tige foaroansteand museum yn 'e Amerikaanske stêd Chicago, dat yn 1893 oprjochte waard. It leit him ta op natoerhistoaryske ûnderwerpen en hat op dat mêd ien fan 'e grutste kolleksjes fan 'e wrâld. Dêrnjonken hat it museum alteast in diel fan syn status te tankjen oan 'e omfang en kwaliteit fan syn edukative en wittenskiplike programma's. De rûnom as treflik beoardiele fêste tentoanstellings yn it Field Museum rinne útinoar fan meteoriten en de ierst bekende fossilen oant de hjoeddeistige kultueren fan 'e wrâld en alles dat dêr tuskenyn sit. De hiele kolleksje fan it museum beslacht mear as 24 miljoen foarwerpen, mei dêropta in bibleteek mei mear as 275.000 boeken, deiboeken (û.m. fan ûntdekkingsreizgers) en foto-argiven. It Field Museum ferwolkommet jiers mear as 2 miljoen besikers.