De Fierdere Reformaasje is de streaming yn de Grifformearde tsjerke yn Nederlân dy’t yn de 17e en 18e (rûchwei fan 1600 oant 1750) iuw nei foaren kaam. De streaming lei der klam op dat de reformaasje fan de tsjerke, dy’t der yn de 16e iuw west hie, ek yn it libben fan de leauwigen en yn de maatskippij ta utering hearde te kommen. Dit wie in reaksje op in bestjurre tastân en ferflakking yn de griffermearde tsjerke fan dy tiid.
As stichter fan de Fierdere Reformaasje wurdt wol wiisd nei de Middelburchske predikant Willem Teellinck, dy't yn 1608 syn reformaasjegeskrift Philopatris opdroech oan de Steaten-Generaal. Bekende fertsjintwurdigers fan dizze streaming wienen de Utertse heechlearaar Gisbertus Voetius, de Rotterdamse predikant Wilhelmus à Brakel en de Utertse predikant en dichter Jodocus van Lodenstein.
Ek yn Ingelân en Dútslân binne yn de 17e en 18e iuw fergelykbere vroomheidsbewegingen oan te wizen. Yn Ingelân hjitte sy Puriteinen, yn Dútslân wurde hja Piëtisten neamd.