Finnburg Fragmint

It Finnburg Fragmint is in fragmint fan in Aldingelsk fers. De besteande tekst komt fan in ferlern manuskript dat bewarre waard yn Lambeth Palace, yn London, de residinsje fan de aartsbiskop fan Canterbury. De Britske learde George Hickes hat oan 'e ein fan de 17e iuw in ôfskrift makke fan dit stik en hy hat it publisearre yn in boek oer de âldheid yn 1705. Nei dy tiid waard it oarspronklike manuskript ferlern of stellen. Ien fan 'e swierrichheden mei de tekst is dat oare oersettingen dy't Hickes makke hie en wêr't fergelikingen mei mei de orizjinelen mei makke binne, faaks net krekt binne, sadat de tekst echte ferbetteringen nedich hat.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne