Fjoertoerwachter

Fjoertoerwachter Fannie Salter earne oan de Amerikaanske eastkust, 1945
It 'Paard van Marken' mei oanboude fjoertoewachterswent

In fjoertoerwachter of ljochttoerwachter is ien dy't ferantwurdlik is foar it ûnderhâld en de fersoarging fan in fjoertoer, benammen it ljocht, de lins en de ruten yn de tiid dat der oaljelampen en oerwurkmeganismen brûkt waarden. Fanwegen it riante útsjoch hiene fjoertoerwachters ek de funksje fan útkyk. Se melden skippen yn need oan rêders en bergers, en joegen oankommende skippen troch oan'e loadstsjinst.

It berop fan fjoertoerwachter wie ea tige swier om't it benammen bestie út it hieltyd de hege toer opslepen fan brânstof (hout of koalen), om it fjoer op de goede wize brânend te hâlden. It is dêrom ek net in wûnder dat it yn Nederlân in typysk manljusberop wie. Fjoertoerwachters wennen faak flak by de toer, eventueel sels yn in oanboude wente lykas by it 'Paard van Marken' en it berop gie oer fan heit op soan. Earst mei de komst fan oaljelampen en dan benammen de Argânske lampe yn de achttjinde iuw krige de fjoertoerwachter it wat lichter.

It berop fjoertoerwachter bestiet net mear. Der binne yn Nederlân noch in pear fjoertuorren bemanne (op Skylge, Skiermûntseach en Ouddorp), mar de minsken dy't dêr sitte binne eins ferkearslieders foar de skipfeart. Se hawwe noch wol de funksje fan útkyk, mar hoege har net mear te bekommerjen om it ljocht. Yn de folksmûle hjitte sy lykwols noch wol fjoertoerwachter.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne