Flensborg Avis is in Deensk- en Dútsktalige krante dy't ferskynt yn Súd-Sleeswyk en it haadkantoar hat yn Flensburg (Deensk: Flensborg). De doelgroep is de Deenske minderheid besuden de grins- en yn Súd-Sleeswyk wenjend yn Denemark. De krante ferskynt seis kear wyks mei in oplage fan ± 5800. Op tongersdei is der in oplage fan ± 15.000. Lokale redaksjes sitte yn de stêd Schleswig (Slesvig), Hüsem (Husum) en Niebüll (Nibøl). Flensborg Avis is de ienige Deenske krante yn Dútslân.
De Flensburger krante waard oprjochte op 1 oktober 1869 troch Gustav Johannsen, dy't oant 1883 haadredakteur wie. Sûnt 1986 ferskynt de Flensburger krante mei in oantal Dútsktalige siden. In protte Noard-Friezen lêze de krante Flensborg Avis. Dy krante ferskynt yn de talen Deensk en Dútsk, mei hiel út en troch ris in stikje yn it Noard-Frysk. Meastal stiet dêr dan de Dútske oersetting noch njonken.