Steat Floarida State of Florida | |
---|---|
flagge | wapen |
In God We Trust (Ingelsk, "Us Fertrouwen Pleatse Wy yn God") | |
lokaasje yn de Feriene Steaten | |
algemien | |
ôfkoarting | FL |
lân | Feriene Steaten |
status (jier) | steat (1845) |
haadstêd | Tallahassee |
grutste stêd | Jacksonvile |
offisjele taal | Ingelsk |
sifers | |
ynwennertal | 19.893.297 (2014) |
befolkingstichtens | 136,4 / km² |
oerflak | 170.304 km² (17,9% wetter) |
bykommende ynformaasje | |
bynamme | de Sunshine State |
tiidsône | UTC –5 (of –6) |
simmertiid | UTC –4 (of –5) |
webside | www.myflorida.com |
Floarida (Ingelsk: Florida; útspr.: ['flɒɹɪdə], likernôch "flor-idde"), offisjeel de Steat Floarida (Ingelsk: State of Florida), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Floarida, fanwegen syn subtropysk klimaat byneamd de Sunshine State, bestiet fierhinne út it Floarida-skiereilân, dat yn it uterste súdeasten fan 'e kontinintale Feriene Steaten leit. Dêropta omfiemet de steat ek de Florida Panhandle, oan 'e noardeastkust fan 'e Golf fan Meksiko, en de eilannegroep de Florida Keys. Floarida heart ta de regio fan it Amerikaanske Suden. De haadstêd is Tallahassee, mar de grutste stêd is Jacksonvile, wylst de grutste stêdekloft dy fan Miami is. Neffens in skatting út 2014 hie de steat doe 19,9 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 3e steat fan 'e Feriene Steaten is, nei Kalifornje en Teksas. Oangeande oerflak is Floarida mei rom 170.000 km² de 22e steat. Floarida stiet bekend om syn moaie waar, ferdivedaasjeparken, lange kustline, sompen, orkanen en romtefeart.