Flodder 3 | ||
![]() | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
![]() | ||
makkers | ||
regisseur | Dick Maas | |
produsint | Dick Maas Laurens Geels | |
útfierend produsint |
Laurens Geels | |
senario | Dick Maas Wijo Koek | |
kamerarezjy | Philip Hering | |
muzyk | Dick Maas | |
filmstudio | First Floor Features Veronica TV (HMG) | |
distribúsje | First Floor Features | |
spilers | ||
haadrollen | Nelly Frijda Coen van Vrijberghe de Coningh Stefan de Walle Tatjana Šimić | |
byrollen | Lou Landré Alfred van den Heuvel Marloes van den Heuvel Herman Passchier Caya de Groot | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | ![]() | |
premiêre | 29 juny 1995 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | komeedzjefilm | |
taal | Nederlânsk | |
spyltiid | 125 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | ƒ7,5 miljoen | |
opbringst | ûnbekend | |
filmsearje | ||
filmsearje | Flodder | |
● foarich diel | Flodder in Amerika! |
Flodder 3, soms stilearre as Flodder III, en ek wol bekend as Flodder Forever en Flodder: The Final Story, is in Nederlânske komeedzjefilm út 1995 ûnder rezjy fan Dick Maas. De haadrollen waarden fertolke troch Nelly Frijda, Coen van Vrijberghe de Coningh, Stefan de Walle en Tatjana Šimić. It is de trêde en lêste film oer de asosjale húshâlding Flodder út 'e Flodder-franchise, mar it is net sasear in ferfolch op 'e foargeande beide films, mar mear in fuortsetting fan 'e tillefyzjesearje Flodder. Sterker noch, it senario fan 'e film waard gearstald út 'e skripten foar trije ôfleverings út 'e tillefyzjesearje dy't nea makke wiene. De film folget de famylje Flodder as se it slachtoffer wurde fan in kampanje fan it wykkomitee om harren út har filla te ferdriuwen. Flodder 3 wie lang net sa kommersjeel súksesfol as de foargeande beide films.