Fokko Ukena (Neermoer 1370? - Dykhuzen 1435), yn âlde skriften skreaun as Focko Ukena, wie in ynfloedrike haadling yn it tiidrek fan de Fryske frijheid. Hy spile as kriichshear in wichtige rol yn de striid tusken de Skieringers en Fetkeapers yn de provinsjes Grinslân en Fryslân. Dêrneist wie hy de foaroanman yn it ferset tsjin de konsolidaasje fan it lânshearlik gesach troch de famyljes Tom Brok en Sirksena yn East-Fryslân. De troch Ukena opstelde willekeuren of wetten binne de lêste wetten dy't min of mear jild hawwe yn it hiele Fryske gebiet tusken Fly en Weser.