Foksguozzen | ||
![]() | ||
Alopochen aegyptiaca | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
klasse: | fûgels (Aves) | |
ûnderklasse: | moderne fûgels (Neornithes) | |
tuskenklasse: | nijkakigen (Neognathae) | |
boppeskift: | goes- en hineftigen (Galloanserae) | |
skift: | goeseftigen (Anseriformes) | |
ûnderskift: | echte goeseftigen (Anseres) | |
boppefamylje: | goesfûgels (Anatoidea) | |
famylje: | einfûgels (Anatidae) | |
skaai: | foksguozzen (Alopochen) | |
Stejneger, 1885 | ||
De foksguozzen (Alopochen) foarmje in fûgelskaai út de famylje einfûgels (Anatidae). De wittenskiplike namme fan it skaai waard yn 1885 foar it earst troch Leonhard Hess Stejneger publisearre. De namme Alopochen is in gearstalling fan 'e Grykske wurden 'alōpós' (foks) en 'chēn' (‘goes’). Letterlik betsjut de wittenskiplike namme foksgoes, itjinge ferwiist nei de kleur fan 'e rêchfearren dy't oan 'e kleur fan in foks tinken docht.
It skaai bestie út fjouwer soarten. Dêrfan libbet hjoed-de-dei allinne noch de Nylgoes. De oare soarten binne útstoarn.