Folle Spul om Neat

Folle Spul om Neat
algemiene gegevens
oarspr. titel Much Ado About Nothing
auteur William Shakespeare
taal Ingelsk
foarm toanielstik
sjenre komeedzje
skreaun 1598 of 1599
1e publikaasje 1600, Londen
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Folle Spul om Neat
publikaasje 1962, Drachten
útjouwer Fryske Shakespeare Stifting
oersetter Douwe Kalma

Folle Spul om Neat, yn it oarspronklike Ingelsk: Much Ado About Nothing, is in toanielstik fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare. It is in komeedzje dy't ferhellet oer de swierrichheden dy't twa pearkes ûnderfine op harren wei nei it houlik. It stik wurdt yn 'e regel beskôge as ien fan Shakespeare syn bêste komeedzjes, mei't it hilariteit kombinearret mei serieuze prakkesaasjes oer eare, skamte en polityk. Folle Spul om Neat moat skreaun wêze yn 1598 of 1599, en waard foar it earst publisearre yn 1600. De Fryske oersetting fan Douwe Kalma ferskynde yn 1962.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne