Folle moanne of ljochtmoanne, ek wol ripe moanne neamd, is de skynfoarm of faze wêryn't de moanne fanút it eachpunt fan 'e Ierde yn syn hiele hear en fear beljochte wurdt troch de sinne. Dat bart as de Ierde tusken de sinne en de moanne yn stiet, om persiis te wêzen: as de ekliptyske lingtegraden fan 'e sinne en de moanne mei 180° ferskille. Dat betsjut dat it lunêre healrûn dat nei de Ierde ta keard is (de saneamde foarkant fan 'e moanne) folslein troch sinneljocht rekke wurdt en fan 'e Ierde ôf te sjen is as in rûne skiiffoarm, wylst de efterkant fan 'e moanne hielendal yn it tsjuster sit.