Follybal is ien fan de sporten dy't beoefene waard by de Olympyske Simmerspullen 1992 yn Barselona. Foar de follybalsport waard útkaam yn ien dissipline: it sealfollybal. By dy Olympyske Spullen wie der in toernoai foar manlju en froulju. De wedstriden setten op 26 july útein en einigen op 9 augustus. De wedstriden waarden spile yn Palau d'Esports, Pavelló de la Vall d'Hebron en Palau Sant Jordi yn Barselona.