Fontainebleau Miami Beach | ||
bouwurk | ||
![]() | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
steat | ![]() | |
county | ![]() | |
plak | ![]() | |
adres | 4441 Collins Avenue | |
koördinaten | 25°49′05″ N 80°07′20″ E | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | hotel | |
keatling | Fontainebleau Resorts | |
boujier | 1954 | |
arsjitekt | Morris Lapidus | |
boustyl | modernistysk | |
monumintale status | ● NRHP ● nasj. hist. landmark ● Miami landmark | |
monumintnûmer | NRHP nû. 08001318 | |
oare ynformaasje | ||
oerflak | 180.525 m² | |
tal ferdjippings | 29 (sudertoer 37) | |
tal keamers | 1.504 | |
offisjele webside | ||
www.fontainebleau miamibeach.com |
It Fontainebleau Miami Beach, ek bekend as it Fontainebleau Hotel, is in monumintaal hotel yn it baaiplak Miami Beach, oan 'e súdeastlike kust fan it Floarida-skiereilân, yn 'e Amerikaanske steat Floarida. It is in lúksueus hotel oan it strân fan 'e Atlantyske Oseaan dat yn 1954 iepengie en no eksploitearre wurdt troch it bedriuw Fontainebleau Resorts. It is boud yn modernistyske boustyl en mei in ynterieur dat bedoeld wie om 'e oantins oan 'e grutte Frânske paleizen út 'e tiid fan 'e Sinnekening Loadewyk XIV op te roppen. De namme ferwiist dan ek nei it Kastiel fan Fontainebleau út dy tiid. Hoewol't de eigentlike Frânske útspraak [fõtɛːnˈblo] (likernôch: "fottên-bloo") is, wurdt de útspraak yn 'e Feriene Steaten, alteast yn Miami Beach, ornaris ferbastere ta fountain blue, [ˈfaṷntən ˈbluː] (likernôch: "fauntun blûû").