Forrest Towns

Forrest Towns
sporter
Forrest Towns (1939)
Forrest Towns (1939)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Forrest Grady Towns
nasjonaliteit Amerikaansk
bertedatum 6 febrewaris 1914
berteplak Fitzgerald, Georgia
stjerdatum 9 april 1991
stjerplak Athens, Georgia
lingte 1.90 m
gewicht 77 kg
sportive ynformaasje
sport Atletyk
ûnderdiel Huorderinnen
O.S. Berlyn 1936
wichtige prestaasjes
Goud grut goud 1x Olympyske Spullen 1936

Forrest Grady (Spec) Towns (Fitzgerald, 6 febrewaris 1914 - Athens, 9 april 1991) wie in Amerikaansk huorderinner.

Hy die yn 1936 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Berlyn Olympysk kampioen, op de 110 meter horden yn 14.2. Trije wiken letter die er mei oan in wedstriid yn it Bislettstadion yn Oslo. Hy rûn dêr as earste huorderinner ea ûnder de 14 sekonden. Hy sette in nij wrâldrekôr fan 13.7. Dit wrâldrekôr soe pas yn 1950 ferbrutsen wurde.

Nei it beëinigjen fan syn aktive atletykkarriêre waard Forrest Towns yn 1938 earst assistint-atletykcoach op de universiteit fan Georgia en fan 1942 ôf haadcoach, in posysje dy't er behold oant 1975. Forrest Towns ferstoar op 9 april 1991, yn 'e âldens fan 77 jier oan in hertoanfal.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL
  • Wikipedy:EN

From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne