Fort Totten (Noard-Dakota)

Fort Totten
De barakken fan it Steatshistoarysk Plak Fort Totten.
De barakken fan it Steatshistoarysk Plak Fort Totten.
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat   Noard-Dakota
County Benson County
Sifers
Ynwennertal 1.243 (2010)
Oerflak 22,9 km² (ynkl. wetter)
22,3 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 54 / km²
Hichte 454 m
Oar
Stifting 1867
Tiidsône UTC -6
Simmertiid UTC -5
Koördinaten 47°58′44″N 99°00′01″W
Kaart
Fort Totten (Noard-Dakota)
Fort Totten
De lizzing fan Fort Totten yn Noard-Dakota.

Fort Totten (útspr.: [fɔɹt 'tɔtn], likernôch: "fort tot-n) is in plak yn Benson County, yn it noardeasten fan 'e Amerikaanske steat Noard-Dakota. Hoewol't it net it haadplak fan 'e county is (dat is Minnewaukan), is it wol it grutste plak. Fierders is it ek it haadplak fan it Spirit Lake Yndianereservaat (Spirit Lake Indian Reservation), fan 'e Spirit Lake Stamme. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 lei it ynwennertal fan Fort Totten doe op goed 1.200 minsken.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne