Francesco Petrarca | ||
![]() | ||
![]() | ||
Portret fan Petrarca troch Altichiero. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Francesco Petracco | |
nasjonaliteit | ![]() | |
berne | 20 july 1304 | |
berteplak | Arezzo (Toskane) | |
stoarn | 19 july 1374 | |
stjerplak | Arquà (Feneto) | |
etnisiteit | ![]() | |
wurk | ||
taal | Latyn, Italjaansk | |
sjenre | poëzij, brieven, essays, oare non-fiksje | |
perioade | Iere Renêssânse | |
streaming | humanisme | |
bekendste wurk(en) |
Il Canzoniere Il Trionfi Beklimming fan de Mont Ventoux | |
jierren aktyf | 1323 – 1374 |
Francesco Petrarca (Italjaanske útspr.: [fran'tʃesko pe'trarka], likernôch: "fran-tsjes-ko pee-trar-ka"; Arezzo, 20 july 1304 – Arquà, 19 july 1374) wie in Italjaansk dichter, filosoof en wittenskipper út 'e Iere Renêssânse. Hy wie ien fan 'e ierste humanisten en wurdt faak beskôge as de grûnlizzer fan 'e Renêssânse, dy't begûn wêze soe mei syn werûntdekking fan in samling brieven fan 'e Romeinske senator Markus Tullius Sisero yn 1345. Yn syn eigen tiid stie Petrarca benammen bekend om syn gedichten, dy't er net inkeld yn it Latyn skreau, sa't doedestiden gebrûklik wie, mar ek yn it Italjaansk. Yn 'e sechstjinde iuw soe Pietro Bembo de moderne Italjaanske standerttaal foarmjaan op basis fan 'e geskriften fan Petrarca en Boccaccio, en, yn mindere mjitte, dy fan Dante Alighieri. Petrarca syn sonnetten ûntjoegen har ta in model foar lyryske poëzij, dat yn 'e Renêssânse oeral yn Jeropa neibeard waard. Tsjintwurdich stiet Petrarca behalven om syn gedichten ek fral bekend om syn brieven, wêrfan't de meast ferneamde Beklimming fan de Mont Ventoux hjit.