Frede (toanielstik)

Frede
algemiene gegevens
oarspr. titel Εἰρήνη
auteur Aristofanes
taal Aldgryksk
foarm toanielstik
sjenre komeedzje
skreaun 421 f.Kr.
1e opfiering 421 f.Kr., Atene
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Frede
publikaasje (net útjûn)
oersetter Klaas Bruinsma

Frede, yn it oarspronklike Aldgryksk: Εἰρήνη, Eirēnē, is in toanielstik fan 'e hân fan 'e grutte Grykske toanielskriuwer en dichter Aristofanes446386 f.Kr.). It is in komeedzje dy't ferhellet hoe't de Atener Trygaios op wûnderlike wize de him fuortslepende Peloponnezyske Oarloch ta in ein bringt. Frede datearret út 421 f.Kr., doe't it opfierd waard as ûnderdiel fan 'e jierlikse toanielwedstryd op it Ateenske Feest fan Dionysus, wêrby't it de twadde priis wûn, in pear dagen foar't de Peloponnezyske Oarloch yn it echt beëinige waard mei in fredesferdrach tusken Atene en Sparta. It stik is opmerklik fanwegen de pasifistyske toan en de freugdefolle ferwachting fan 'e frede. De foarfallen yn it stik binne, lykas gauris by Aristofanes, fan in ûnberonge absurditeit, en de skriuwer hellet op 'e nij út nei syn fijân, de populist Kleön, ek al wie dy in pear moanne earder al sneuvele op it slachfjild. Frede waard yn it Frysk oerset troch Klaas Bruinsma.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne