GADO

DAF / Den Oudsten-bus 8899 fan de GADO yn Grins: in standert streekbus dy't, om model en útfiering, typearjend is foar hast alle Nederlânske streekferfier yn de jierren '70 en '80.

De N.V. Groninger Autobusdienst Onderneming (GADO) út Hoogezand, sûnt 1958 te Grins, wie fan 1924 - 1998 in oanbieder fan iepenbier ferfier per autobus yn de provinsjes Grinslân en Drinte. De GADO hie ek linen fan Grins nei Bûtenpost, Kollum, Surhústerfean en Holwert. Yn Holwert wie oansluting op de boat nei It Amelân. Yn Surhústerfean wie sûnt 1953 in garaazje fan de GADO.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne