Gallo-Romaanske talen | ||
algemien | ||
lokaasje | Súd- en Noardwest-Jeropa, dielen fan Noard-Amearika en Afrika | |
tal talen | ±9-35 | |
tal sprekkers | ±90 miljoen (2017) | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Yndo-Jeropeesk ● Italysk ● Latynsk-Faliskysk ● Latyn ● Romaansk ● Westromaansk ● Gallo-Romaansk | |
subgroepen | ● Franko-Provansaalsk ● Gallo-Italyske talen ● Oïlyske talen ● ?Oksitano-Romaanske talen ● Reto-Romaanske talen |
De Gallo-Romaanske talen foarmje (mei de Ibearo-Romaanske talen) ien fan 'e beide taalgroepen fan 'e Westromaanske talen. De Gallo-Romaanske taalgroep is opboud út ferskate lytsere groepen. De grutste Gallo-Romaanske taal is it Frânsk, mei yn 2014 wrâldwiid sa'n 77 miljoen memmetaalsprekkers. Yn totaal binne der 9 oant 35 Gallo-Romaanske talen, ôfhinklik fan wêr't men de grins leit tusken taal en dialekt, dy't mei-inoar sa'n 90 miljoen memmetaalsprekkers hawwe.