Gallo (taal)

Gallo
algemien
oare namme(n) Galleesk, Gallo-Bretonsk,
Bretonsk-Romaansk
eigen namme Gallo
lânseigen yn Frankryk
tal sprekkers 28.000 (±2010)
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Italysk
    ● Latynsk-Faliskysk
      ● Latyn
        ● Romaansk
          ● Westromaansk
            ● Gallo-Romaansk
              ● Oïlysk
                ● Gallo-Anzjevynsk
                  ● Gallo
taalstatus
offisjele status gjint
erkenning as
minderheidstaal
Frankryk (gjin nasj. erkenn.)
Bretanje
taalkoades
ISO 639-1
ISO 639-2
ISO 639-3

It Gallo (Gallo: Gallo) soms ek Gallo-Bretonsk, Bretonsk-Romaansk of Galleesk (langue gallèse) neamd, is in Romaanske streektaal yn it easten fan Bretanje, in skiereilân oan 'e westkust fan Frankryk. It is ien fan 'e Oïlyske talen en wurdt faak beskôge as in dialekt fan it Frânsk. Tegearre mei it Keltyske Bretonsk (dêr't it net mei betize wurde moat) is it ien fan 'e beide lânseigen talen fan Bretanje en it Bretonske folk. It Gallo genietet yn Frankryk op nasjonaal nivo gjin erkenning. It tal sprekkers bedraacht likernôch 28.000 en rint stadich fierder tebek, wêrmei't de taal sterk yn syn fuortbestean bedrige is.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne