Gatling gun | ||
algemiene ynformaasje | ||
offisjele namme | Gatling gun | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
type wapen | masinegewear | |
tsjinstskiednis | ||
brûkt troch | Feriene Steaten Feriene Keninkryk Frankryk Keizerryk Japan Keizerryk Koreä Perû Keizerryk Ruslân Keninkryk Siam Sily Keizerryk Sina | |
tsjinstwapen | 1862–1911 | |
konflikt(en) | Amerikaanske Boargeroarloch Asjanty-Oarloggen Sûlû-Oarloch Am. Yndiaanske oarloggen Machdistyske Oarloch Salpeteroarloch Britsk-Egyptyske Oarloch 2e Britsk-Afgaanske Oarloch Spaansk-Am. Oarloch Filipynsk-Am. Oarloch Bokseropstân | |
ûntwerpskiednis | ||
ûntwerper | Richard Jordan Gatling | |
ûntwurpen | 1861 | |
fabrikant | Eagle Iron Works Cooper Firearms Manufacturing Co. Colt's Manufacturing Company American Ordnance Company | |
yn produksje | 1862–1903 | |
oantal prod. | ûnbekend | |
spesifikaasjes | ||
gewicht | 77,2 kg | |
lingte | 107,9 sm wêrfan loop: 67,3 sm |
De Gatling gun (in algemien ynboargere rekke Ingelske namme dy't "Gatling-gewear" betsjut) is in ferneamd model fluchfjoerwapen dat yn 1861 útfûn waard troch de Amerikaanske wapensmid Richard Jordan Gatling. It makke gebrûk fan seis oant tsien rotearjende lopen en wie in iere foarrinner fan it moderne masinegewear. De Gatling gun wie fan 1862 oant 1911 yn gebrûk by de kriichsmachten fan 'e Feriene Steaten, it Feriene Keninkryk, Frankryk, Ruslân en oare lannen, en waard ynset yn û.m. de Amerikaanske Boargeroarloch, de Amerikaanske Yndiaanske oarloggen, de Sûlu-Oarloch en de Spaansk-Amerikaanske Oarloch. It is ien fan 'e fjoerwapens dy't sterk assosjearre wurdt mei it Wylde Westen, yn 'e mande mei û.o. de Colt .45 en de Winchester Model 1873.