In gearspanning of komplot is in temûke ôfspraak fan persoanen om wat tsjin oare persoanen of in groep te ûndernimmen. Dêrby kin it gean om it dwaan fan in steatsgreep, it oansetten ta in kriich, it dwaan fan in oanslach, of it omsmiten fan in polityk persoan, wylst it geheim holden wurde moat fan it publyk, of alteast dyjingen dy't dêrtroch troffen wurde soene.
Der moat lykwols al in dúdlik ûnderskaat makke wurde tusken wiere, histoarysk bewiisde gearspannings en gearspanningsteoryen.