Gefoelstemperatuer is in term foar it gefoel fan kjeld of waarmte dat in minske ûnderfynt by kâld waar mei wyn of by waarm, blakstil waar as it o sa near is. Under sokke omstannichheden wykt de minsklike persepsje fan 'e temperatuer ôf fan wat de reële temperatuer is. D.w.s. dat it kâlder, resp. waarmer oanfielt as it eins is. Wat hurder it waait by kâld waar, wat kâlder it oanfielt. By near waarm waar jildt: wat minder it waait, wat waarmer it oanfielt. As men it oer it ferskynsel 'gefoelstemperatuer' hat, giet it lykwols yn 'e measte gefallen om kjeld. Gefoelstemperatueren kinne echte, ornaris negative gefolgen hawwe. By ekstreme waarsomstannichheden binne yn Fryslân gefoelstemperatueren fan –28 °C foarkommen (14 jannewaris 1987).