Geheim Evangeelje fan Markus | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | ûnbekend (ferlern gien?) | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | ûnbekend (ferlern gien?) |
It Geheime Evangeelje fan Markus, dat net betize wurde moat mei it kanonike Evangeelje fan Markus, is mooglik in ferlern giene kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It is allinnich mar bekend út it saneamde Mar Saba-brief, wêryn't it Geheime Evangeelje fan Markus omskreaun wurdt as in útwreide ferzje fan it kanonike Evangeelje fan Markus, bedoeld foar in elitêre groep ynwijden yn 'e djippere wierheden fan it kristlik leauwe.