generaal Grievous personaazje út Star Wars | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare namme(n) | Qymaen jai Sheelal | |
sekse | manlik | |
soarte personaazje | Kaleesh-cyborg | |
nasjonaliteit | Galaktysk | |
berop/amt | kriichshear, generaal | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes |
greve Dooku Darth Sidious Nute Gunray Obi-Wan Kenobi | |
geastlike heit | George Lucas | |
ûntstean | 2004 |
Generaal Grievous is in fiktyf personaazje út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hy is in cyborg en de opperbefelhawwer fan 'e androïdelegers fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels. Generaal Grievous waard as in ûnderstypjende antagonist yntrodusearre yn 'e tekenfilmsearje Star Wars: Clone Wars (2003-2005), foar't er as live-actionpersonaazje te sjen wie yn 'e film Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005). Grievous ûntjoech him ta ien fan 'e populêrdere personaazjes út it Star Wars-hielal en sadwaande ferskynde er ek yn in ferskaat oan oare media, lykas romans, strips en fideospultsjes.