George Crook (folút: George R. Crook (de R. wie syn eigen betinksel en stie nearne foar); Taylorsville (Ohio), 8 septimber 1828 – Chicago, 21 maart 1890) wie in Amerikaansk militêr, dy't yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch focht en teffens yn ferskate oarloggen tsjin 'e Yndianen, wêrûnder de Sjosjoanske Oarloch, de Javapai-Oarloggen, de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 en de Oarloch fan Geronimo. Hy fierde it befel oer de Amerikaanske troepen yn û.m. de Slach oan de Rosebud en de Slach by Slim Buttes. De Yndianen seagen him as in weardige fijân, waans wurd men fan op oan koe. Yn 'e 1880-er jierren joegen de Apachen him de bynamme Nantan Lupan, wat "Grize Wolf" betsjut. Yn syn lêste jierren ûntjoech Crook him ta in aktivist foar Yndiaanske rjochten.