Georges Miez

Georges Miez
sporter
Georges Miez (1928)
Georges Miez (1928)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Georges Miez
nasjonaliteit Switsersk
bertedatum 2 oktober 1904
berteplak Töss
stjerdatum 17 april 1999
stjerplak Savosa
sportive ynformaasje
sport Turnen
O.S. Parys 1924,
Amsterdam 1928,
Los Angeles 1932,
Berlyn 1936
wichtige prestaasjes
Goud grut goud 4x Olympyske Spullen 1928, 1936
Sulver grut sulver 3x Olympyske Spullen 1928, 1932, 1936
Brûns grut brûns 1x Olympyske Spullen 1924
Goud grut goud 2x WK 1934
Sulver grut sulver 1x WK 1934

Georges Miez (Töss, 2 oktober 1904 - Savosa, 17 april 1999) wie in Switserske turner.

Hy die ien kear mei oan it Wrâldkampioenskip en fjouwer kear oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1924, 1928, 1932 en 1936). Hy waard by dizze kampioenskippen twa kear wrâldkampioen, en fjouwer kear Olympyske kampioen.

Nei it beëinigjen fan syn wedstriidkarriêre yn 1936 wurke Miez as nasjonale turntrainer en dêrnei as Reade Krús- funksjonaris yn Switserlân.
Georges Miez is de meast lauwere olympyske dielnimmer út Switserlân, allinne de skânsspringer Simon Ammann hat ek fjouwer gouden medaljes helle foar Switserlân. Georges Miez ferstoar op 17 april 1999, yn 'e âldens fan 94 jier.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne