Gerrit Zalm | ||
politikus | ||
echte namme | Gerrit Zalm | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 6 maaie 1952 | |
berteplak | Inkhuzen (Noard-Hollân) | |
etnisiteit | Nederlânsk Frysk Skotsk | |
partij | VVD | |
Nederlânsk minister fan Finânsjes | ||
amtsperioade | 2003 – 2007 | |
foargonger | Hans Hoogervorst | |
opfolger | Wouter Bos | |
fise-premier fan Nederlân | ||
amtsperioade | 2003 – 2007 | |
foargonger | Johan Remkes | |
opfolger | Wouter Bos | |
Nederlânsk interim-minister fan Ekonomyske Saken | ||
amtsperioade | 30 juny – 7 july 2006 | |
foargonger | Laurens Jan Brinkhorst | |
opfolger | Joop Wijn | |
fraksjefoarsitter fan de VVD | ||
amtsperioade | 2002 – 2004 | |
foargonger | Hans Dijkstal | |
opfolger | Jozias van Aartsen | |
Nederlânsk minister fan Finânsjes | ||
amtsperioade | 1994 – 2002 | |
foargonger | Wim Kok | |
opfolger | Hans Hoogervorst | |
direkteur fan it Sintraal Planburo | ||
amtsperioade | 1989 – 1994 | |
foargonger | Peter de Ridder | |
opfolger | Henk Don |
Gerrit Zalm (Inkhuzen, 6 maaie 1952) is in Nederlânsk politikus en bankier, dy't fjouwer kear minister fan Finânsjes west hat yn in Nederlânsk regear. Yn dy hoedanichheid wie hy û.m. ferantwurdlik foar de gong fan saken omtrint de ynfiering fan 'e euro, yn 2002, en teffens foar de nei him ferneamde Zalmnoarm en Zalmsnip. Yn it kabinet-Balkenende III wie Zalm njonken syn ministerskip ek fise-premier fan Nederlân. Nei't er yn 2007 syn politike karriêre beëinige hie, ferfolle er bestjoerlike funksjes by DSB Bank, ABN-AMRO en Danske Bank.