It Getto fan Riga wie in yn 1941 troch de nazy's ynsteld getto yn 'e Letske stêd Riga. It waard yn in lyts part fan Maskavas Forštate, in wyk fan Riga, opset. Oarspronklik wie it allinnich foar joaden út Letlân bedoeld, mar letter waarden ek Dútske joaden yn it kamp finzen set.
Op 25 oktober 1941 begûnen de Dútsers de net-joadske bewenners fan it gebiet út te setten en twongen se de joaden út Riga en omkriten nei it getto te ferhúzjen. De measte Letske joaden dêr (sa'n 24.000) waarden by it Rumbula Moardpartij op 30 novimber en 8 desimber 1941 fermoarde. Dêrnei waarden Dútske joaden nei it kamp brocht, wêrfan de measten ek by massamoarden om it libben brocht waarden.
Hoewol't it getto meastentiids as in ienheid oantsjut wurdt, wiene der feitlik meardere getto's. De earste wie it grutte Letske getto. Nei de moardpartijen fan Rumbala waarden de noch libjende joaden yn in lytser gebiet fan it oarspronklike getto konsintrarre, dat bekend waard as it Lytse Getto. Dat lytse getto waard wer opdield yn in stik foar manlju en in stik foar froulju. It frijkommende gebiet fan it grutte getto waard doe oan Dútske joaden tawiisd en waard bekend as it "Dútske getto". [1]